Akkoart oer ferleegjen wurkdruk basisûnderwiis

© ANP
It kabinet en de fakbûnen ha in akkoart berikt oer de ferleging fan de wurkdruk yn it basisûnderwiis. Dat hat it ministearje freedtemiddei bekendmakke.
Staking giet troch
De staking yn it basisûnderwiis yn it noarden giet woansdei gewoan troch. De fakbûnen binne bliid mei it jild, mar se wolle ek jild foar mear lean. Dat moat it fak oantrekliker meitsje.
35.000 euro
Om de wurkdruk te ferleegjen, krijt in gemiddelde skoalle takom jier sa'n 35.000 euro ekstra, is ôfpraat. Dat bedrach rint op nei 65.000 euro de jierren dêrnei, struktureel. Skoallen meie sels witte hoe't se it jild foar de wurkdrukferleging brûke wolle. Yn totaal lûkt it kabinet dizze regearperioade 700 miljoen euro ekstra út foar it basisûnderwiis.