Pyeongchang, dei 2: direkt in soad Friezen yn aksje

10 feb 2018 - 08:59

Op de earste echte dei fan de Olympyske Spelen komme direkt in soad Friezen yn aksje: by it langebaanriden stride Ireen Wüst en Antoinette de Jong om de medaljes op de 3000 meter. By it shorttracken sjogge we hjoed Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat en Suzanne Schulting. De ôflossingsploech fan de shorttrackfroulju rydt hjoed ek.

11.00 oere: Shorttrack, 1500 meter manlju

Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat stride fan 11.00 oere ôf yn de kwartfinales fan de 1500 meter shorttrack. De Laat rydt yn de tredde searje om 11.10 oere, Knegt om 11.25 oere yn searje seis. Beiden meitsje se goede kâns om fierder te kommen.

De bêste trije fan eltse searje geane nei de heale finales, dy't om 12.21 oere útseinsette. De finale is om 13.28 oere.

11.44 oere: Shorttrack, 500 meter froulju

Ek Suzanne Schulting komt de shorttrackbaan op. Sy rydt op de 500 meter. Dat is net har favorite ôfstân, mar se makket wol kâns as it in bytsje meisit. Snelheid hat se genôch. Yn har searje om 11.47 oere komt se de Italiaanse Arianna Fontana tsjin, in oare favorite.

De bêste twa geane nei de kwartfinales, dy't om tiisdei 11.00 oere úteinsette. De heale finales en finale binne dy dei ek.

12.00 oere: Reedriden, 3000 meter froulju

De earste rit set om 12.00 útein. Ireen Wüst en Antoinette de Jong binne twa fan de grutte favoriten. Wüst rydt yn rit 9 tsjin de Kanadese Isabelle Weidemann. Twa ritten letter is de Japanse Miho Takagi, in belangrike konkurrint, de tsjinstanner fan De Jong. Dat is de foarlêste rit.

12.52 oere: Shorttrack, ôflossing froulju

By de ôflossing heart de Nederlânske frouljusploech by de medaljekandidaten. Suzanne Schulting is wol wis fan in plak yn dy ploech, Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof lykje dat ek. It fjirde en lêste plak giet tusken Jorien ter Mors en Rianne de Vries.

Nederlân rydt om 13.08 oere yn de twadde heale finale tsjin Italië, Sina en Japan. De bêste twa geane nei de finale, dy't op tiisdei 13 febrewaris ferriden wurdt.

Snein 11 febrewaris

Snein alles oer de 5000 meter by it langebaanreedriden mei Sven Kramer en Bob de Vries.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

Froulju 3000 meter langebaan

Foarsizzing Koos Wieling

1 Ireen Wüst (Nederlân)
2 Miho Takagi (Japan)
3 Antoinette de Jong (Nederlân)

Foarsizzing Lisette van der Geest

1 Ireen Wüst (Nederlân)
2 Miho Takagi (Japan)
3 Antoinette de Jong (Nederlân)

Foarsizzing Johan Stobbe

1 Ireen Wüst (Nederlân)
2 Miho Takagi (Japan)
3 Antoinette de Jong (Nederlân)

Shorttrack manlju 1500 meter

Foarsizzing Roelof de Vries

1 Sjinkie Knegt (Nederlân)
2 Hwang Dae Heon (Súd-Koreä)
3 Charles Hamelin (Kanada)

Foarsizzing Joris van den Berg

1 Sjinkie Knegt (Nederlân)
2 Hwang Dae Heon (Súd-Koreä)
3 Lim Hyo Jun (Súd-Koreä)

Foarsizzing Cees Juffermans​

1 Hwang Dae Heon (Súd-Koreä)
2 Sjinkie Knegt (Nederlân)
3 Charles Hamelin (Kanada)

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)