Argewaasje oer rûnwei De Lemmer, VVD easket dúdlikheid

09 feb 2018 - 16:28

Ynwenners fan De Lemmer moatte dúdlikheid krije oer it wurk oan de rûnwei fan it doarp. Dat fynt de Steatefraksje fan de VVD. Neffens de fraksje is der in soad argewaasje oer de ôfsluting fan guon krúspunten. By ien dêrfan sette fytsers de stekken oan de kant, sadat se dochs oerstekke kinne. By in oare krusing is it sa drok, dat fytsers dêr hast net oerstekke kinne.

Der binne ek soargen oer oft de planning wol helle wurdt. De VVD is benaud dat de rûnwei net klear is foar it toeristysk seizoen. En dan soe der noch wolris in gruttere gaos ûntstean kinne mei bygelyks iepensteande brêgen. De VVD hat der fragen oer steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.

Trefwurden: 
Rûnwei De Lemmer VVD
(advertinsje)