28ste Boot Holland úteinset yn WTC Expo Ljouwert

Foto: Omrop Fryslân, Jan Dirk de Haan
Foto: Omrop Fryslân, Jan Dirk de Haan

De 28ste edysje fan Boot Holland is freedtemiddei úteinset yn it WTC Expo yn Ljouwert. Oant en mei woansdei wurde der sa'n 35.000 besikers ferwachte, lykas ferline jier. Doe stie it tal besikers wat ûnder druk. Minsken waarden ôfskrokken troch glêde diken fanwege sniefal.

Foar de krisis lei it oantal dielnimmers om de 300 hinne, mar dat wurdt no net mear helle: dit jier binne it der sa'n 250. Nij dizze edysje is it rekreaasjepaviljoen. Dêr wol Boot Holland sjen litte wat boatsjefarders belibje kinne, as sy fan board geane. Bygelyks de VVV fan Ljouwert presintearret him dêr mei LF2018.

09 feb 2018 - 15:34
(advertinsje)