SportCast: Foarútsjen nei de Olympyske Spelen

As sport de wichtichste bysaak fan it libben is, dan binne de Olympyske Spelen miskien wol hielendal gjin bysaak mear. Sporters oeral op de wrâld hawwe mar ien doel foar eagen as se begjinne oan harren sportkarriêre: om ea dêr te stean op de heechste trêd, mei in gouden plak om 'e nekke.
De kommende twa wiken is it wer safier en meie hûnderten ultym motivearre sporters besykje om harren dream wier te meitsjen. Hjirby fansels ek genôch Friezen. Fan de feteranen mei in hele kolleksje plakken, oant de griene broekjes dy't foar it earst it hiele sirkus meimeitsje sille.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries en Koos Wieling folgje dizze Fryske sporters al harren folsleine karriêre en kinne dus as gjin oar foarútsjen op de kommende Spelen. Mei presintator Jantine Weidenaar prate se yn dizze spesjale Omrop SportCast in healoere lang oer it aventoer en de sjarme fan de Olympyske Spelen én oer de kânsen en grutte konkurrinten fan de Friezen.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang binne freed offisjeel iepene. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.