Sealdief is net mear yn Nederlân

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út Armenië hat twa wiken sel ûnder betingst krigen foar it stellen fan fytssealen. De man waard hast twa jier lyn oanhâlden yn Hurdegaryp, neidat dúdlik wurden wie dat er twa sealen stellen hie. Dat wie te sjen op bylden fan in bewakingskamera. Op syn keamer yn it azc fûn de plysje nochris sân sealen. Hoe't de man deroan kaam, koe er net sizze.

Hy rûn yn in proeftiid en hie in selstraf krije moatten. Mar omdat er net mear yn Nederlân is, slagget dat net. Dêrom krijt de man no formeel wer in straf ûnder betingst.

09 feb 2018 - 15:11
(advertinsje)