Helmholt de bêste yn Drylts

15 jun 2012 - 09:27

Bart Helmholt hat tongersdei it fierljepppen yn Drylts wûn. De regearend Nederlânsk kampioen sprong yn de finale 20.39 meter en bleau dêrmei Thewis Hobma fan Ljouwert 41 sintimeter foar. Nard Brandsma fan It Heidenskip einige mei in sprong fan 19.21 meter as tredde.

By de froulju gie de winst nei Hiske Galama fan De Haule mei 14.39 meter. Sytse Bokma fan Hylpen wie by de junioaren de bêste. Hy sprong in nij persoanlik rekôr fan 18.05 meter.

Trefwurden: 
fierljeppen
(advertinsje)