Spesjale webside foar gemeenteriedsferkiezingen Dantumadiel

09 feb 2018 - 15:04
It gemeentehûs fan de gemeente Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente Dantumadiel komt fanwege de gemeenteriedsferkiezingen mei in spesjale webside: WieKiestDantumadiel.nl. Op de site is alle ynformaasje oer de ferkiezingen te finen. Dan giet it bygelyks om hokker partijen der yn Dantumadiel meidogge en hoe't it stimmen yn syn wurk giet.

Ein febrewaris komt ek noch in stimwizer online, foar minsken dy't noch net witte op wa't se stimme moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)