Auto oer de kop op Rykswei by Jirnsum

Foto: CAMJO media

By in ûngelok op de Rykswei by Jirnsum is freedtemiddei ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer ried yn de auto en rekke troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. Hy sloech mei de auto oer de kop en is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket wat der krekt gebeurd is.

09 feb 2018 - 14:58
(advertinsje)