Trochjoubokaal foar wethâlder en 'brêgebouwer' Hein Kuiken

09 feb 2018 - 14:25

Wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Harns kriget de Bruggenbouwersbokaal fan Stichting Present Noardwest-Fryslân. Dy bokaal hat de stichting sels noch mar koartlyn ûntfong, mar dy wol de ûnderskieding net in jier lang op de kast stean litte. De stichting jout de priis troch om organisaasjes en minsken te ferbinen en inisjativen yn Noardwest-Fryslân ûnder de oandacht te bringen.

Kuiken kriget de bokaal tiisdei útrikt. Neffens Stichting Present is Kuiken in belutsen, sosjaal man en ferbynt er de ynwenners fan de gemeente mei de polityk. Fierder hat er in bysûndere rol hân en belutsenheid toand op it mêd fan it sosjale domein. Oer in pear wiken jout Kuiken de bokaal wer troch.

(advertinsje)