"Ik hoopje dat Sven no einlik 'de tsien' ris wint!"

09 feb 2018 - 14:10
  • Op de freedsmerk gie it oer de Olympyske Spelen

Krekt as de sporters sels, sjogge ek in soad oaren út nei de Olympyske Spelen. Op de Ljouwerter freedsmerk waard dúdlik dat benammen Sven Kramer, mar ek Marrit Leenstra op in soad fans rekkenje kin. "Wij gaan er voor zitten, met een bordje voor de TV!" En: "Ik hoopje dat Sven no einlik 'de tsien' ris winne mei!"

Oaren geane leaver om it reedriden hinne. "Ik sjoch op Eurosport krekt nei al dy sporten dy't wy kwealik kenne: biatlon, rodeljen, skeleton, curling. Ik folgje se allegear."

Aardich wie ek it ferhaal dat in frou noch fertelde oer in koartebaanwedstriid út har jonge jierren. Se waard doe ferslein troch Atje Keulen-Deelstra. "Ik waard úteinlik tredde en wûn in borduerset. No jo wer!"

(advertinsje)