Gjin finale foar Arends by ATP-toernoai yn Montpellier

© www.dijksfotografie.nl
Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is der freed net yn slagge de finale fan it dûbelspul by it ATP-toernoai fan Montpellier te berikken. De Frânsman Hugo Nys en Japanner Ben McLachlan wiene mei 4-6, 6-2 en 10-6 te sterk foar Arends en syn Kroätise maat Antonio Šančić.
Beide koppels wiene bot oanelkoar weage. Troch ien break mear te pakken as Nys en McLachlan gie de earste set nei Arends en Šančić. De twadde set gie nei Nys en McLachlan, wêrtroch't in supertiebreak de beslissing bringe moast. Dêryn wie it Frânsk-Japanske koppel krekt te sterk.
Troch it berikken fan de heale finale komt Arends no op it 77ste plak fan de wrâldranglist. Arends sil nei alle gedachten sneon alwer yn aksje komme by it ATP-toernoai yn Rotterdam. Dêr hat er tegearre mei Thiemo de Bakker fan de organisaasje in plakje krigen yn it kwalifikaasjetoernoai fan it dûbelspul.