Fertochten sjitpartij oppakt

15 jun 2012 - 09:07

De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed fjouwer fertochten oanhâlden yn ferbân mei de sjitpartij yn Ljouwert tongersdeitejûn. It giet om ynwenners fan de haadstêd, wêrfan't de leeftiid noch net bekendmakke is.

By de oerfal op in goudwikselkantoar waard in 28-jierrige meiwurker delsketten. In ûngefear 20-jierrige man mei in tinte hûdskleur en in bivakmûtse op hie jild fan de man easke. Nei de sjitterij ferdwûn de fertochte de wyk Bilgaard yn. It is net bekend oft de man jild of goud meinommen hat.

slachtoffer, in ynwenner fan Rotterdam, is mei de ambulanse nei it sikehûs brocht. Hy is bûten libbensgefaar.

(advertinsje)