Nije stedskaart mei ynformaasje foar toeristen Ljouwert

09 feb 2018 - 13:55

Ljouwert hat in nije kaart foar toeristen, de USE-IT-kaart. Dêrop stiet allegear ynformaasje oer de stêd. Jongeren jouwe oan hokker plak ast echt net misse meist. Ek biedt de kaart ynformaasje oer de skiednis fan Ljouwert en it dwaan en litten fan de ynwenners.

It giet om in inisjatyf fan in Ljouwerter studinte. De USE-IT-kaart is op ferskate lokaasjes yn de stêd fergees op te heljen. Der is ek in digitale ferzje en in fergeze app. Sa'n 40 oare stêden yn Europa hawwe ek sa'n kaart.

Trefwurden: 
USE-IT Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)