Eaststellingwerf set iepenbiere sâltkisten yn gemeente del

09 feb 2018 - 13:53

Yn de gemeente Eaststellingwerf binne kisten mei sâlt pleatst. By glêdens kinne ynwenners it sâlt brûke om op de stoepen en oare iepenbiere plakken te struien. De sâltkisten steane yn Aldeberkeap, Ravenswâld, Elslo, De Fochtel en Langedike.

Yn elk doarp is in behearder mei in kaai fan de kiste. It sâlt is fergees. De gemeente soarget derfoar dat de kisten oanfolle wurde. De kisten binne in oanfolling op de struirûtes fan de gemeente.

(advertinsje)