Van der Galiën: "Stillizzen wurk Blokhúspoarte hiel kwealik"

09 feb 2018 - 13:43

''In hiel kwealike saak'', sa neamt fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan Lijst 058 it stillizzen fan it wurk oan de Blokhúspoarte yn Ljouwert fanwege in tekoart fan sa'n 2 miljoen euro. "As it yn de steigers stean bliuwt, is dat gesichtsferlies foar Kulturele Haadstêd." 

Neffens ûntwikkeler BOEi, eigener fan en ferantwurdlik foar de ferbouwing fan it gebou, is it jild foar de ferbouwing op. De oannimmer hat it wurk om dy reden dellein. Saken as it werstel fan muorren en it opknappen fan de kapel lizze no stil. BOEi krige fan de gemeente Ljouwert, de provinsje en it Ryk 15 miljoen euro subsydzje foar de ferbouwing.

Van der Galiën is bang dat troch it stillizzen fan it wurk, hierders yn de Blokhúspoarte yn de problemen komme en dat mooglik projekten fan Kulturele Haadstêd net trochgean kinne. ''Hiel kwealik. De Blokhúspoarte is it 'paradepaardje' en it brûsplak fan Kulturele Haadstêd. We binne noch mar twa wiken dwaande mei Kulturele Haadstêd en it earste grutte tekoart liket hjirmei in feit'', seit Van der Galiën. De gemeente is ferrast troch it nijs en wol earst útsykje hoe't it sit, foar't se in reaksje jaan wolle. It gemeentebestjoer hat de riedsfraksjes tongersdeitejûn mei in fertroulike brief ynformearre. Wethâlder Henk Deinum hat al wol oanjûn dat de bal wat de gemeente oanbelanget by BOEi leit en dat it de gemeente gjin sint ekstra kostje sil.

(advertinsje)