Ynternasjonaal sealfuotbaltoernoai yn Drachten stiet faai

(argyffoto) - Foto: www.dijksfotografie.nl

Fuotbalklup Drachtster Boys freget ynwenners fan de gemeente Smellingerlân om in finansjele bydrage. Dat is nedich om ein maart in ynternasjonaal sealfuotbaltoernoai hâlde te kinnen.

Seis Europeeske topteams út it frouljussealfuotbal komme dan nei Drachten foar it twadde European Women's Futsal Tournament. Eardere plannen fan Drachtster Boys om it foar bedriuwen oantreklik te meitsjen, hawwe net genôch jild opsmiten. Sadwaande is it op it stuit noch net mooglik om it toernoai te organisearjen.

Drachtster Boys hopet dêrom dat 5.000 ynwenners fan de gemeente tsien euro jouwe. De klup jout oan hûndert stipers in kaart wêrmei't se fergees nei alle wedstriden ta kinne.

09 feb 2018 - 12:46
(advertinsje)