Fiif ekstra foarstellingen fan 'útferkocht' Marijke Muoi

Marijke Muoi © René den Engelsman
Yn neifolging fan De Stormruiter sille der ek ekstra foarstellingen komme fan teäterstik Marijke Muoi. Neist de reguliere foarstellingen sil it stik oer Maria Louise van Hessen-Kassel, oftewol Marijke Muoi, ein febrewaris en begjin maart nochris fiif kear opfierd wurde yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert.
Der wie in soad belangstelling foar sawol De Stormruiter as Marijke Muoi, wêrtroch't beide LF2018-stikken al gau útferkocht wiene.
De ekstra foarstellingen sille op 17 en 24 febrewaris en 3, 10 en 17 maart spile wurde en sette alle fiif om 14.30 oere útein. De kaartferkeap begjint takom moandei om 14.00 oere. De kaarten binne fia www.harmonie.nl oan te skaffen.