Abma hâldt by Snits Wyt Swart op as assistint-trainer

Johan Abma - Foto: www.orange-pictures.nl

Snits Wyt Swart moat foar takom seizoen op syk nei in nije assistint-trainer. Johan Abma, no noch de rjochterhân fan haadtrainer Germ de Jong, hat bekendmakke dat er dwaande is oan syn lêste jier by de Snitsers. Dêrmei hat Abma acht jier lang assistint west by de sneinshaadklasser.

"Wij zijn Johan enorm erkentelijk voor zijn bijdrage aan de begeleidingsstaf van onze A-selectie", lit foarsitter Frank Slob witte op de webside. "Zowel op als rond het veld is hij van meer dan toegevoegde waarde geweest voor het team. We gaan er vanuit dit zeker geen afscheid is en dat we Johan ook de komende jaren regelmatig op het sportpark zullen blijven tegenkomen."

Nei dit seizoen wol 'Mister Cambuur' mear tiid besteegje oan saken bûten it fuotbal om.

09 feb 2018 - 11:46
(advertinsje)