Koade read op doarpsskoalle It Bynt yn Sumar

© Tineke Dorenbos
Doarpsskoalle It Bynt yn Sumar freget woansdei op in hiel spesjale manier omtinken foar de problemen yn it basisûnderwiis. Omdat learkrêften fine dat it koade read is yn it ûnderwiis, komme se yn it read nei skoalle. En de bern dogge dat ek.
Alden jouwe dy dei gastlessen op skoalle. En in "lawaai-optocht" giet troch it doarp om omtinken te freegjen foar de situaasje yn it ûnderwiis.
Yn it Noarden stake ûnderwizers woansdei wer. Dat is de tredde kear. Se wolle minder wurkdruk en in heger lean.