Nijntje no ek oerset nei it "Leewaddes"

09 feb 2018 - 11:18
  • Nijntje yn it "Leewaddes"
  • Ferslachjouwer Ilse Hermanides wie by de presintaasje fan Opa en Opoe Plús

Tweintich jier nei de oersetting fan Nijntje nei it Frysk is it berneboekje der no ek yn it "Leewaddes". It boekje Opa en Opoe Plús is oerset troch Ljouwerter Anne Feddema en waard freedtemoarn presintearre yn it bernesintrum Trianova yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren. De dochter fan Feddema, Femke, lies it foar oan de pjutten fan it bernesintrum. En dy fûnen it prachtich, ek al sieten der gjin échte "Leewaddes" by.

Utjouwerij Bornmeer hat Nijntje yn 24 streektalen útbrocht en dêr binne 250.000 eksimplaren fan ferkocht. Fan Opa en Opoe Plús binne 1.500 boekjes drukt en dy binne fan freed ôf te krijen.

Liwwadders of Leewaddes?

Der ha noch wol wat diskusjes west oer de taal yn it boekje. Want Ljouwerters is in sprektaal, dus hoe skriuwe je it no eins? En is it Liwwadders of Leewaddes? Ek hat der bot oerlis west mei de erven fan Dick Bruna, de skriuwer en tekener fan Nijntje. Want offisjeel is it Nijntje Pluis, mar dochs is der foar de Ljouwerter ferzje tastimming kaam om der Nijntje Plús fan te meitsjen.

Der is ek al in Stellingwerfsker Nijntje en noch dit jier moat der ek in Biltske ferzje komme.

(advertinsje)