Veerman begjint wer op de bank: "Ik ben terug bij af"

Henk Veerman oer syn reserverol
Henk Veerman oan de bal tsjin VVV-Venlo - Foto: www.awfoto.nl

SC Hearrenfean-oanfaller Henk Veerman sit sneontejûn by de thúswedstriid tsjin Roda JC opnij op de bank. De Volendammer stie seis kear efterinoar yn de basis, mar sûnt de thúswedstriid tsjin Sparta jout trainer Jurgen Streppel de foarkar wer oan Reza Ghoochannejhad.

Dat kaam hurd oan, al seach Veerman it wol oankommen. "Het voelde niet als een echte kans", seit de spits. "Je krijgt de voorkeur, maar je voelt meteen dat je niet blijft spelen. Qua resultaten en feiten heb ik mijn kans gepakt, maar de trainer vindt van niet."

As ynfaller kaam Veerman ôfrûne tiisdei yn it fjild. Hearrenfean ferlear doe fan PEC Zwolle (3-2) en benammen oer de earste helte wie Streppel bot ûntefreden. "Die helft was onverklaarbaar. Aan de bal waren we heel slecht en maakten we de verkeerde keuzes."

Hearrenfean set dit seizoen yn wedstriden wol faker min útein, bygelyks tsjin AZ en Vitesse. Dêr is Streppel it net mei iens. "Ik zie daar geen patroon in. PEC Zwolle-uit was een off-day. We zijn de tweede competitiehelft juist heel goed begonnen."

Tsjinstanner Roda JC

De útwedstriid tsjin Roda JC ferlear Hearrenfean earder dit seizoen yn Kerkrade mei 2-1. "Ik vind ze degelijk", seit Streppel. "De laatste twee wedstrijden hebben ze verloren, maar ze hebben wel vier goals gemaakt tegen AZ en Ajax. Dat vind ik knap. Ze zijn ingespeelder dan voor de winterstop."

It is de ferwachting dat Streppel net in soad feroarings oanbringe sil yn syn basisalve yn fergeliking mei de wedstriid tsjin PEC Zwolle.

09 feb 2018 - 11:05
(advertinsje)