Pyeongchang, dei 1: de iepening

© ANP
De 23ste edysje fan de Olympyske Winterspelen giet hast los. Wy hâlde dy alle dagen op de hichte fan de ferrjochtingen fan de Friezen yn Súd-Koreä. Op omropfryslân.nl komme we eltse dei mei in oersjoch fan wat de dei ús bringt.
Hjoed om 12.00 oere Nederlânske tiid set de iepeningsseremoanje útein yn it Olympysk Stadion fan Pyeongchang, dêr't plak is foar 35.000 minsken.
Yn totaal dogge 33 Nederlanners mei oan dizze Spelen, fan wa't alve meirinne sille yn de iepeningsseremoanje. Jan Smeekens sil mei de Nederlânske flagge it Olympysk Stadion ynrinne.
Anice Das is de iennige Fries dy't meirint. De measte oare Friezen komme al betiid yn aksje. Moarn bygelyks al reedriders Ireen Wüst en Antoinette de Jong op de 3.000 meter, shorttrackers Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt op de 1.500 meter en Suzanne Schulting op de 500 meter. De ôflossingsploech fan de shorttrackfroulju rydt moarn ek al.
Moarn mear oer de Friezen dy't dan yn aksje komme!
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne hjoed dus offisjeel. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.