Stânbyld winners reedrydtocht

14 jun 2012 - 22:34

Der komt in stânbyld fan trije legendaryske winners fan de 100 fan Earnewâld. It giet om Jeen Wester, Jos Niesten en Hilbert van der Duim. It byld wurdt makke yn opdracht fan de organisaasje fan de tocht en pleatslik belang Earnewâld. It krijt in plak yn it wetter op de rûte. Takomstige winners krije in lytse ferzje fan it byld. En dat jildt ek foar winners út it ferline.

It byld wurdt makke troch keunstner Hans Jouta. Hy naam tongersdei de maten fan Niesten, Wester en Van der Duim. It byld moat yn oktober klear wêze.

(advertinsje)