Frage-oere fia social media fan Meldkeamer Noard-Nederlân

09 feb 2018 - 09:44

De Meldkeamer Noard-Nederlân hâldt no snein fia social media in frage-oere. It is dan de Europeeske dei foar alarmnûmer 112.

De ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte kinne snein dêrom fia Twitter en Facebook fragen stelle oan de meldkeamersintralisten yn Drachten. Dat kin tusken alve oere moarns en twa oere oere middeis.

De Europeeske dei foar 112 wurdt alle jierren holden. It moat minsken der bewust fan meitsje dat 112 yn alle EU-lidsteaten berikber is foar help yn libbensbedriigjende situaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)