Gemeente nimt ferkearsmaatregels by stasjonsgebiet Ljouwert

De gemeente Ljouwert sil by it fernijde stasjonsgebiet yn de stêd "hjir en dêr" wat saken oanpasse. Dat docht de gemeente om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen, seit Ynze Haitsma fan de gemeente.
"Wy woenen in gebiet meitsje fan goede kwaliteit, dêr't auto's te gast binne en harren oanpasse moatte oan fytsers en fuotgongers", seit Haitsma. Dochs smyt it gebiet sa no en dan gefaarlike situaasjes op. "Oerdeis falt it ta, dan is alles goed sichtber. Yn it tsjuster kinne minsken de wite streken op de dyk net goed ûnderskiede. Dêr jouwe we oandacht oan. Ek sille wy der in ekstra buordsje by pleatse."
Dêr bliuwt it net by. "Wy sille ek katte-eagen yn de dyk pleatse litte, dy't reflektearje wannear't der in auto oankomt, op plakken dêr't fytsers en fuotgongers oerstekke kinne."
As lêste maatregel sil de gemeente kaartsjes meitsje litte, wêrop't minsken sjen kinne wêr't se fytse, rinne en ride moatte.