Wetterskipslesten omheech

Underwetterdrone (argyffoto)
De wetterskipslesten moatte omheech. Neffens Wetterskip Fryslân kin it net oars, omdat der mear jild nedich is om alle taken goed útfiere te kinnen. De krisis hat der foar soarge dat it wetterskip mear taken krigen hat, mei de kosten dy't dêrby hearre. Dêr komme noch maatregels by op Europeesk en lanlik nivo, dêr't de organisaasje ek mear jild oan kwyt is. It wetterskip besuniget sels wol, mar dat smyt net genôch op.
Doel is om de lesten foar it wetterbehear mei trije persint te ferheegjen en dy foar de wettersuvering mei ien persint.