Kollum: "Kultuerbarbaar"

09 feb 2018 - 07:32

"Ofrûne sneontejûn gongen Jelle en ik nei Ljouwert en de sfear yn 'e stêd wie libbendich. Ut alle hoeken kamen minsken en bern wei, dy't allegear nei it sintrum giene. It wie drok op it Saailân en eltsenien stie nei boppe te sjen of makke foto's en filmkes fan de blauwe weagen. Wy hawwe dêr ek nei sjoen, binne der ûndertroch rûn en fûnen it wol moai. Mar dêr wie it ek mei sein.

By de Aldehou wie ek drokte genôch. Foar it moaie nije gebou fan 'Lan fan Taal' stie in rige dus wy gongen fierder nei Tresoar. Dêr stie gjin rige mar der wie wol in soad belangstelling en Bert Looper wie tige optein oer de suksesfolle iepening. We hawwe foar de poëzyrollen stien... en dêr wie it alwer mei sein.

Om acht oere wiene wy wer op it plein om de projeksje op de Aldehou te bewûnderjen. Achter ús stie in koffiekreamke mei fjouwer froulju. Ik ha der in skoftke foar stien mar nimmen reagearre en úteinlik frege ik sels mar oft ik miskien wat bestelle koe. De waarme poeiermolke wie noch net waarm, dus it waard in kofje en in tee, mar neffens my moasten se de kofjebeannen noch plôkje, sa lang duorre it. Ik fyn it dan wol ynteressant om soks te observearjen. Op in A-lokaasje mei in plein fol minsken omset mis rinne. Ek in keunst.

De projeksje seach der nijsgjirrich út en de Aldehou kaam ta libben. Der wie in sprutsen tekst by en op in bepaald momint frege Jelle oft ik ek wist wêr't it oer gong. Ik hie werklik gjin idee en wy runen troch de Grutte Tsjerkestrjitte werom nei de auto. De sfearfolle binnenstêd fan Ljouwert ferfeelt noait en ik fûn it moai dat der safolle minsken wiene.

Dochs fielde ik my op 'e weromreis al in kultuerbarbaar om't ik mei in hiele soad keunstsinnige uteringen net in klik fiel. Ik ha net by de offisjele iepening west, mar de freedtemiddeis dêrfoar al op de koftjalk de 'Tromp', dêr't de makettes fan de alve fonteinen op steane.' Stichting Tromp' is mei oprjochte troch Jelle en hy hat it skip ek nei Ljouwert brocht. Wat my opfoel doe't ik troch de stêd rûn, wie dat it sintrum oerstreamd wie mei wurkmanlju en se draafden deroer om alles op 'e tiid klear te krijen, sa ek op de Tromp.

Ik fyn de iene fontein moaier as de oare mar in makette is wat oars as de echte. Sa fyn ik dat it Stasjonsplein mei de mistfontein yn Ljouwert prachtich wurden is dus miskien is dy fisk fan Starum aanst ek wol om oan te sjen. As ferskate minsken om dy makettes hinne strune, hearst ek ferskate mieningen en der binne sels noch lju dy't nea fan de fonteinen heard ha.

Ik ha de eksposysjeromte op de Tromp lêst noch skjinmakke. Ik wie fanatyk tusken de fonteinen troch oan it stofsûgjen en op in bepaald momint luts ik hurd oan it snoer... mar dat siet fêst achter de fontein fan Hylpen. 'O, shit', tocht ik. It gong allegear goed, mar die wol wer bliken dat ik in kultuerbarbaar bin.

Dochs fyn ik dat alle artysten, skriuwers, amtners, fertellers, wurkmanlju, keunstners, skjinmakkers, bedriuwen en ûndernimmers meielkoar hiel wat mânsk binne. Soks is eat om grutsk op te wêzen en dy sfear yn 'e stêd kin sels de gutste kultuerbarbaar fiele. Dat is mienskip op syn bêst. It kostet in pear sinten, mar as it skip mei jild leech is, dan is der altyd noch in prachtich skip mei fonteinen dat aanst nei alle alve stêden fart."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)