Eastermar wol mei prizejild gebou foar âlderein bouwe litte

09 feb 2018 - 07:18

Tsientallen ynwenners fan Eastermar hawwe tongersdeitejûn op in gearkomste besletten wat se mei it fûns wolle, dat se yn it libben roppen hawwe nei't yn it doarp de PostcodeKanjer fan 53,9 miljoen euro foel. It fûns sil brûkt wurde om in gebou foar âlderein yn Eastermar bouwe te litten, wêrtroch't se net nei soarchsintra bûten it doarp hoege.

"De wenten fan de âlderein dy't dan frijkomme, kinne foar de jongerein in mooglikheid wurde om yn te wenjen", sei Anne Oosterdijk, ien fan de inisjatyfnimmers. "Dêrneist wolle wy it gebou op in duorsume manier delsette litte. Dit plan hawwe wy as inisjatyfnimmers net betocht, mar komt út de mienskip. Dat is it moaie derfan."

Hoe giet it no fierder? "Wy prate hjir net oer in plan fan in pear tûzen euro. Ek net fan in pear ton, mar oer in pear miljoen. Dat moat dus hiel soarchfâldich ûntwikkele wurde."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)