Kjeld yn Eastermar út de loft nei goed petear mei gemeente

09 feb 2018 - 08:15

In goed petear tusken de ynwenners fan Eastermar mei in útkearing en de gemeente Tytsjerksteradiel hat de kjeld út de loft helle. Der wie spul nei in brief fan de gemeente. Dêryn stie dat se mar bewize moasten dat se gjin priis wûn hiene by de Postcode Loterij. It wie benammen de toan dy't ferkeard foel by de 25 Eastermarders mei in útkearing. Tongersdei ha beide partijen om tafel sitten.

(advertinsje)