Nije plannen foar kearn Grou

14 jun 2012 - 21:26

Minder hege gebouwen, mear grien en mear sichtlijnen yn de âlde kearn fan Grou. Dat is it resultaat fan de ûnderhannelings fan de kommisje Keur. Yn dy kommisje sieten projektûntwikkelers, pleatslik belang en bewenners fan de Volmawei, de Hellinghaven en de Minnefinne yn Grou. Se ha mei elkoar oerlein oer hoe't dat stik fan it doarp oanpakt wurde kin.

Earder wie der in plan foar in appartemintekompleks fan tolve meter heech, mar omwenners wiene dêr poer op tsjin. En pleatslik belang Grou seach mear yn in totaal-plan foar it hiele gebiet.

Dat plan leit der no. Doel is om ûnder oare apparteminten, in supermerk, in havengebou en nije parkearplakken oan te lizzen. Ek komt der in kuierpromenade troch it hiele gebiet.

(advertinsje)