"Meiwurkers De Friesland lizze har net samar del by beslút"

09 feb 2018 - 06:00

Meiwurkers fan De Friesland sille har net samar dellizze by de útspraak fan de rjochter dy't tongersdei bepaalde dat de fúzje mei Zilveren Kruis Achmea gewoan trochgean kin. Dat seit Annelies Bontjer fan it fakbûn FNV. De meiwurkers winne earst juridysk advys yn, seit se, mar as dat neat opsmyt slút se oare aksjes net út. De meiwurkers wienen it net mei de fúzje iens, seit se, en dêr kin in útspraak fan de rjochter neat oan feroarje: "Het vonnis doet er niet toe." It hat neffens Bontjer faker sa west dat bedriuwen wat woenen dêr't de meiwurkers it net mei iens wienen, en doe ha aksjes fan de fakbûnen ek holpen om dat te kearen.

De ûndernimmingskeamer fan it gerjochtshôf yn Amsterdam sei tongersdei dat út it fúzjebeslút en út de tasizzingen fan Achmea bliken docht dat Achmea en De Friesland beide belang hechtsje oan it behâlden fan de 'eigenheid' fan De Friesland, ek nei de fúzje. It is de bedoeling dat De Friesland troch de fúzje minder kwetsber wurdt, en in stevigere finansjele basis krijt.

(advertinsje)