Utsûnderingsposysje Nederlân rint gefaar troch keallefraude

De fraude mei de registraasje fan fee kin flinke skea oanrjochtsje yn de melkfeehâlderij. Dat seit Harm Wiegersma, foarsitter fan it melkfeehâldersfakbûn NMV. Net allinnich it imago fan de sektor, mar ek de derogaasje rint gefaar. De derogaasje is de útsûnderingsposysje dy't Nederlân hat om mear stront oer it lân út te riden as oare lannen fan de Europeeske Uny.
Mooglik noch mear bedriuwen op slot
Belange-organisaasjes sa as it NMV hawwe tongersdei mei minister Carola Schouten fan Lânbou praat. Yn dat petear makke Schouten bekend dat 2100 buorkerijen op slot geane yn ôfwachting fan ûndersyk nei harren rol by de fraude. Sy meie gjin fee oan- en ôffiere. De organisaasjes krigen yn it petear te hearren dat se de saak net bagatellisearje moatte. Schouten slút ek net út dat der noch mear bedriuwen by komme.
Hope op mear romte
It NMV hie hope dat der dizze maitiid wat mear romte foar Nederlân komme soe om stront út te riden op it lân. No tinkt Wiegersma dat ús lân de hannen tichtknipe mei as alles bliuwt sa as it is.