Ald-NAVO-baas yn byld by University Campus Fryslân

08 feb 2018 - 22:35

Ald-CDA-politikus en eardere sekretaris-generaal fan de NAVO Jaap de Hoop Scheffer is yn byld by de University Campus Fryslân yn Ljouwert. De Hoop Scheffer is op it stuit as heechlearaar ferbûn oan de Campus Den Haag fan de Universteit fan Leiden.

"Misschien colleges geven"

Tongersdei hat De Hoop Scheffer yn Ljouwert in petear hân mei Jouke de Vries, dy't de Fryske kampus opset. "Dit wordt nu, naast een belangrijke HBO-stad, ook een universitaire stad. Dat vind ik fantastisch en daar werk ik graag aan mee. U ziet mij hier misschien terug om colleges te geven."

Bân mei Ljouwert

Jaap de Hoop Scheffer hat in bân mei Ljouwert fia syn mem, dy't dêr berne en opgroeid is. Hy fielt him dêrtroch ek altyd noch mei de stêd ferbûn. Hy fynt it dan ek moai dat Ljouwert him no sjen lit as Kulturele Haadstêd fan Europa.

De Hoop Scheffer wie yn Ljouwert foar in lêzing oer de "(dis)oarder fan de wrâld". In wiidweidich petear mei De Hoop Scheffer is snein te hearren yn it programma Buro de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)