Klok moat aansten gewoan wer ferset wurde

It Europeesk Parlemint is tongersdei net akkoart gien mei it ôfskaffen fan de simmertiid. It foarstel dêrta wie kaam fan CDA-Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik. Sy fynt dat it net mear nedich is om elk healjier de klok te fersetten.
Sa'n 25.000 Nederlanners tekenen earder al in petysje tsjin de simmertiid. Ien fan harren wie Egbert Veenstra fan Sint-Jânsgea. "It is der om ekonomysk wat te besparjen, mar dy foardielen hat it al net mear. En minsken reitsje derfan oerstjoer."
Psychiater Bianca Klop sjocht ek gjin foardielen fan de simmertiid: "Mensen hebben er in de winter baat bij dat ze zoveel mogelijk daglicht in de ochtend krijgen. Dus als je de oorspronkelijke tijd - de wintertijd - aanhoudt, heb je meer licht in de ochtend."
De foar- en neidielen fan de simmertiid sille wol ûndersocht wurde, sa is ôfpraat. Hielendal fan de baan is it ôfskaffen dus noch net.