FIDEO: It Frysk Folksliet troch fioeliste Simone Lamsma

Hjoed-de-dei fljocht fioeliste Simone Lamsma de hiele wrâld oer. Sa stie se ferline wike noch trije kear foar 5.000 minsken yn Amearika, mar freed spilet se 'gewoan' yn de Ljouwerter Bonifatiustsjerke. By Fryslân Hjoed fertelde de fioeliste, dy't opgroeide yn Burgum, oer har bân mei Fryslân: "Ik kom niet zo vaak in Fryslân om concerten te geven, dus dit is voor mij heel speciaal." En se hâldt fan Ljouwert: "Ik ben hier geboren, dus ik voel me ook erg verbonden met de stad."
De fioel hat it libben fan Lamsma ferrike. "Ik twijfelde er niet aan dat ik musicus wilde worden. Dat wist ik al vanaf mijn tweede", seit se. Yn de studio fan Fryslân Hjoed liet se ek noch hearre hoe't it Frysk Folksliet klinkt op in 300 jier âlde Stradivarius.
Freedtejûn fan 20.00 oere ôf spilet Simone Lamsma yn de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert. Der binne noch kaartsjes.