Wethâlder Ekhart priizge by ôfskied: "Gebrek oan ego"

08 feb 2018 - 20:17

In man fan en foar it folk, in echte reade en in Cambuursupporter yn hert en nieren. Samar in pear kwalifikaasjes dy't tongersdei foarbykamen op de ôfskiedsresepsje fan Andries Ekhart as wethâlder fan Ljouwert. As lokaasje wie hiel tapaslik keazen foar de sakeromte fan Cambuur, de klup dêr't hy hast noait in thúswedstryd fan oerslacht.

"Gebrek oan ego"

Kollega-wethâlder Henk Deinum priizge Ekhart om syn humor, syn ynset foar de minsken en de saak en it gebrek oan ego. "In bysûndere eigenskip yn ús kringen", fynt Deinum.

Lutz Jacobi hat der respekt foar dat Ekhart nei 16 jier wethâlderskip yn Snits en Ljouwert plaknimme sil yn de gemeenteried fan Ljouwert. Neffens har sil dat Ekhart net tafalle mei alle kennis dy't er hat. "We sille leaf foar him wêze", seit se.

"Ferjit noait dat er út in folksbuert komt"

Ald-boargemaster fan Ljouwert en Súdwest-Fryslân Hayo Apotheker hat in soad mei Ekhart opwurke. Hy sjocht Ekhart foaral as "in jonge mei in goeie oplieding en in brede blik, mar ek ien dy't noait ferjit dat der út in folksbuert ôfkomstich is." Neffens Apotheker is dat ek de reden dat Ekhart de polityk yngien is.

Ekhart sels hie graach noch in termyn as wethâlder fierder wollen. Dêr wynt er gjin doekjes om. No sjocht hy út nei wat mear frije tiid en syn wurk yn de ried. "Der sil wol genôch om myn paad komme", seit Ekhart. Ek tinkt hy dat er mooglik noch wat dwaan kin by de Kulturele Haadstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)