"Undersykje oft ferkearde registraasje melkkij fraude is"

08 feb 2018 - 19:51

Goed twatûzen Nederlânske boerebedriuwen binne op slot set omdat se fertocht wurde fan fraude mei de registraasje fan melkkij. Boeren skriuwe dan meardere kealtsjes ta oan ien ko. Dy hat dan in mearling krigen. It foardiel: se steane te boek as rier. Dat is in ko dy't noch net kealle hat. En dan meie je mear melkkij hâlde as tastien.

Heechlearaar plattelânsûntwikkeling Dirk Strijker fan de Ryksuniversiteit Grins fynt dat ûndersocht wurde moat oft it echt wol om fraude giet. Hy kin him goed foarstelle dat boeren it net mei sin dienen, mar dat der by fersin wat misgien is. De bedriuwen dy't op slot set binne, meie gjin fee oan- of ôffiere.

It ministerje fan Lânbou slút net út dat der noch mear bedriuwen blokkearre wurde. Minister Carola Schouten seit dat dizze saak skea docht oan de sektor: "Het is onacceptabel dat de fraude plaatsvindt. Er zijn ook bedrijven die het goed doen, die zijn hier ook de dupe van."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)