Rjochter: definityf ein oan selsstannichheid De Friesland

08 feb 2018 - 18:42

De fúzje fan soarchfersekerders De Friesland en Zilveren Kruis Achmea kin gewoan trochgean. Dat hat de rjochter tongersdei bepaald. Mei de fúzje komt in ein oan de eardere relative autonomy fan De Friesland.

Yn in earste reaksje lit De Friesland witte dat de ûndernimmingsried en de direksjes fan De Friesland en Achmea de útspraak no earst mei-inoar en mei de meiwurkers beprate sille. Dêrnei wurdt bepaald wat de ferfolchstappen binne.

Gearwurking wie útsteld

Juridysk sjoen binne De Friesland en Achmea al fusearre. Fakbûnen, meiwurkers en ûndernimmingsried wienen tsjin op de fúzje. Se besochten om de fúzje by de rjochter te kearen. Yn ôfwachting fan it beslút fan de rjochter hiene De Friesland en Achmea de organisatoaryske gearwurking útsteld.

Behâld 'eigenheid'

Neffens de rjochters docht út it fúzjebeslút en út de tasizzingen fan Achmea bliken, dat Achmea en De Friesland beide belang hechtsje oan it behâlden fan de 'eigenheid' fan De Friesland, ek nei de fúzje. It is de bedoeling dat De Friesland troch de fúzje minder kwetsber wurdt, en in stevigere finansjele basis krijt.

De Friesland is sûnt 2012 ûnderdiel fan Achmea en hie in relatyf selsstannige posysje.

Gjin gefolgen foar meiwurkers

Yn jannewaris melde Achmea dat de fúzje foarearst gjin gefolgen ha soe foar de meiwurkers. It fersekeringsbedriuw sei dat mei de direksje en de ûndernimmingsried fan De Friesland praat wurdt, ûnder oare oer baangarânsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)