Spesjaal boek mei printen fan alle alve Fryske stêden

08 feb 2018 - 18:02
  • Alvestêdeprinteboek yn 'e maak
  • Ferslachjouwer Andries Bakker sjocht by it wurk

In printeboek mei histoaryske ferhalen út alle alve stêden. Ambachtsminsken fan it Ljouwerter bedriuw Frisian Colorists & Restorers yn de Blokhûspoarte yn Ljouwert binne op dit stuit drok dwaande om dy te meitsjen. Alle Fryske stêden wurde fertsjinwurdige yn it boek, mei allegearre ien tekst en ien print. De ferhalen moatte 'bysûnder mei in rantsje' wêze, sa seit Antonio Leemburg fan it Ljouwerter restauraasjeatelier.

Frisian Colorists & Restorers is in restauraasjeatelier dat him rjochtet op it restaurearjen, boekbinen en ynkleurjen fan âlde lânkaarten en antike boeken. Mar no sammelje de meiwurkers fan it atelier dus histoaryske ferhalen fan de Fryske stêden. De klam leit benammen op it ynkleurjen fan de printen. It bedriuw is noch driuwend op syk nei ferhalen út Boalsert, Drylts en Snits. Se dogge dan ek in oprop oan de ynwenners fan de stêden om ferhalen by harren te melden. Dit moatte dus net de grutte ferneamde ferhalen wêze, mar de wat ûnbekendere ferhalen. De Ljouwerters skriuwe dizze ferhalen dan op, en meitsje dêr de prints by. 

It doel is dat alle printen foar de simmer klear binne, om dêrnei útjûn te wurden yn boekfoarm yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018.

(advertinsje)