Twa bern út wetter helle yn Feanwâlden

08 feb 2018 - 17:43

Yn Feanwâlden binne twa bern út it wetter helle. Dat wie út in fiver oan it Feanhout. Nei alle gedachten wiene de bern oan it boartsjen by it iis. Neidat de bern út it wetter helle wiene, binne se neisjoen troch ambulânsepersoaniel. Hoe't se deroan ta binne, is noch net dúdlik. Foar de helpferliening waard ek de brânwacht oproppen. Dy hoegde úteinlik net yn aksje te kommen.

(advertinsje)