Fryske dielnimmers oan de Spelen: Ireen Wüst

Ireen Wüst - Foto: awfoto.nl

Noch ien dei en dan is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en it shorttrack. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?

Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. It lêste oerdiel is oer Ireen Wüst.

Namme:                        Ireen Wüst

Wenplak:                      It Hearrenfean

Bertedei:                      01-04-1986

Sport:                           reedriden

Ofstannen:                   1000 meter, 1500 meter, 3000 meter, ploege-efterfolging

Olympyske medaljes:  2006 Turijn - 1e op de 3000 meter, 3e op de 1500 meter
                                    2010 Vancouver - 1e op de 1500 meter
                                    2014 Sotsji - 1e op de 3000 meter, 1e op de ploege-efterfolging, 2e op de 1000, 1500 en 5000 meter

De kânsen fan Ireen Wüst neffens sportferslachjouwer Koos Wieling:

Ireen Wüst is no al de meast suksesfolle Olympiër fan ús lân. As it der op oankomt, kin de Brabânse mei in Fryske heit en mem in hiele protte. Safolle earemetaal as yn Sotsji soe in wûnder wêze. It doel fan Wüst - se wol altyd winne en is faak op it goede momint yn foarm - is minimaal ien kear goud. Dan soe se op fjouwer Spelen op rige goud wûn ha. Let op Wüst op de 1500 en 3000 meter en fansels ek mei de Nederlânske (Fryske) froulju op de efterfolging.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

08 feb 2018 - 17:20
(advertinsje)