Hier ôfknippe litte foar it goede doel

08 feb 2018 - 16:57

It projekt 8ste Dag fan Kulturele Haadstêd siket famkes mei lang hier, dy't dat ôfknippe litte wolle. It hier giet nei de stichting Haarwensen. Dy lit der prûken fan meitsje foar bern dy't fanwege in medyske behanneling of troch wat oars keal wurden binne. It projekt Haarmeisjes fan de 8ste Dag is ûnderdiel fan in hiel ferskaat oan optredens en projekten op 8 july yn de binnenstêd fan Ljouwert.

De flechten fan de dielnimmers wurde efterelkoar troch ôfknipt en wurde sammele yn in koer. It is de bedoeling dat de dielnimmers tritich sintimeter fan harren hier ôfknippe litte. Nei it knippen meie de dielnimmers nei de kapper om it hier kreas byknippe te litten.

(advertinsje)