Sander Arends nei heale finale ATP-toernoai yn Montpellier

© www.dijksfotografie.nl
Tennisser Sander Arends út Ljouwert hat de heale finale fan it ATP-toernoai fan Montpellier berikt. Tegearre mei syn Kroätyske maat Antonio Šančić wie hy mei 3-6, 6-4 en 10-5 te sterk foar de Nederlanner Wesley Koolhof en Artem Sitak út Nij-Seelân.
Yn de earste set wiene der kânsen foar beide koppels. Dêr't Arends en Šančić ien kear in break pakke koene, diene Koolhof en Sitak dat twa kear. Ek yn de twadde set gie it lang lykop. Op 5-4 makken Arends en Šančić it ferskil, en dat smiet de winst yn de set op.
De beslissende supertiebreak gie oant 3-3 wer lykop. Dêrnei koene Arends en Šančić in fersnelling ynsette nei 7-4. Dy foarsprong kaam net mear yn gefaar.
Yn de heale finale binne de Japanner Ben McLachlan en Hugo Nys út Frankryk de tsjinstanners.