Nederlân mikt op 15 medaljes by Spelen yn Súd-Koreä

© ANP
Nederlân mikt op fyftjin medaljes by de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä, seit chef de mission Jeroen Bijl. It langebaanriden, mei Friezen as Sven Kramer, Jorrit Bergsma en Antoinette de Jong moat foar de measte medaljes soargje. Mar der wurdt ek rekkene op medaljes by it shorttrack mei topfavoryt Sjinkie Knegt út Bantegea.
Neffens trije ekonomen fan de Ryksuniversiteit Grins hellet de Nederlânske ploech achttjin medaljes bij de Olympyske Spelen. Dy begjinne freed offisjeel. De earste Fryske sporters komme sneon al yn aksje.