Fleanbasis Ljouwert net grut genôch foar Frisian Flag

De fleanbasis Ljouwert is dit jier net grut genôch foar de oefening Frisian Flag. De basis kin net alle dielnimmende tastellen in goed plak jaan. In lyts part fleant dêrom fan de Dútske basis Wittmund ôf. It giet om de A-4 Skyhawk-tastellen fan it bedriuw Discovery Air. Dy krije de rol fan tsjinstanner by Frisian Flag. It ynsetten fan sa'n kommersjeel bedriuw wurdt hieltyd gebrûkliker. De kosten binne leger en it jout de dielnimmende lannen romte om de eigen tastellen goed yn te setten.
Njonken de Nederlânske F-16's dogge dit jier ek wer Amerikaanske F-15's mei oan Frisian Flag. Frankryk stjoert in grutte delegaasje jachtfleantugen besteande út de Rafale en de Mirage 2000. De Poalske loftmacht docht mei mei in MiG-29 en F-16's. Oare tastellen komme út Dútslân (Eurofighter Typhoon) en Spanje (F-18). De oefening set op 9 april útein en duorret twa wiken.