Sel easke foar man dy't surfers bewust oerfarre woe

Frouwe Justitia © Omrop Fryslân
In 61-jierrige ynwenner fan Assen dy't op 19 augustus 2016 op de Hegemer Mar bewust op in tal surfers ynfearn is mei syn syljacht, is skuldich oan poging ta deaslach. Dat fynt alteast it Iepenbier Ministearje. De offisier fan justysje easket no achttjin moanne sel tsjin de man, wêrfan njoggen ûnder betingst. De surfers wiene neffens de offisier ekstra kwetsber om't se yn it wetter leine, en dêrtroch minder fluch oan de kant komme koene. De surfers hiene dêrtroch samar ûnder de boat fan de Assenaar bedarje kinnen. Of se hiene rekke wurde kind troch de romp of de skroef fan de motor.
Drank yn it spul
De man út Assen hie trije kear safolle dronken as tastien, dêrnjonken hie er earder op 'e middei de surfers ek alris hast oanfearn. Doe't de surfers him hjirnei útfoeteren, kearde de fertochte de boat en fear er bewust op de slachtoffers ôf. De froulike surfer koe har noch krekt oan de boech fan de boat ôfsette, sy wie achternei yn shock.
Doe't de plysje it syljacht fan de Assenaar oanhâlde woe, siet der nimmen oan it roer, wylst de boat yn de rjochting fan in drokke fargeul farde. De skipper lei yn de kajút te sliepen. Neffens de fertochte wie er fuortfallen, as gefolch fan de kombinaasje fan de alkohol en syn bloeddrukmedisinen.
Grutte gefolgen
It foarfal hie grutte gefolgen foar de fertochte, om't er as ICT'er wurke by de plysje. Hy waard earst skorst en krige yn febrewaris ferline jier ûntslach. De man sit no yn de bystân. Om't er gjin Verklaring Omtrent Gedrag krije kin, hat er muoite mei it finen fan in nije baan. De offisier lit witte dat se dizze omstannichheden meinaam hat yn har eask. Sy wol dat de man út Assen 600 euro smertejild betellet oan beide surfers. De rjochtbank yn Ljouwert docht op 22 febrewaris útspraak.