Hoe belûk je doarpsbewenners wer by de lokale polityk?

Hoe kinst as doarp de stim fan de ynwenners polse en goede besluten nimme dy't foar eltsenien akseptabel binne? De feriening fan doarpsbelangen fan Feanwâlden/Feanwâldsterwal hat al jierren muoite mei it finen fan nije (bestjoers)leden, dus hoe witte je dan wat der yn it doarp spilet en wêr't krekt ferlet fan is? Taken fan gemeenten floeie hieltyd faker nei de minsken sels ta. As de gemeente witte wol wat der krekt libbet, benaderje se dêrom faak it pleatslik belang. Mar fertsjintwurdiget it bestjoer fan sa'n doarpsbelang anno 2018 werklik noch de winsken fan alle ynwenners as it grutste part fan it doarp net lid is?
Ynfloed
"Minsken dogge mei oan lokale polityk as se ynfloed hawwe. Ik tink dat de ynfloed fan de boarger op saken yn de direkte omjouwing net goed regele is. Dêrom heakje minsken ôf." Dat seit Aije Klaren, ponghâlder fan doarpsbelang Feanwâlden. Tegearre mei Feanwâldsterwâl is Feanwâlden no al in skoft dwaande mei it sykjen fan nije foarmen foar lokale demokrasy. Woansdei wie der foar de twadde kear in moeting yn Feanwâlden om antwurd te krijen op dizze syktocht.
Klaren: "As je minsken ynfloed jouwe op de belangen, dan komme se wol. Wy tinke dat je boargers mear ynfloed jaan moatte. Mar as der mear minsken binne dy't wat te sizzen hawwe, moatte se der mei-elkoar wol útkomme kinne. By de moetingen dy't wy organisearje, geane wy yn op al dizze saken. It eindoel is it kreëarjen fan in nije metoade foar lokaal draachflak."
Oplossingen foar eltsenien
By it besluten oer saken, moat neffens Klaren net allinnich mar sjoen wurde nei wat it grutste part fan de minsken fynt. "As ien in ynhâldlik beswier hat tsjin in oplossing, dan is it eins gjin goede oplossing. Dêrom moast oplossingen sykje wêrby't rjocht dien wurdt oan alle belangen. Dat is moaier as wannear't it grutste part foar is en de rest pech hat."
Alle doarpen
De problematyk yn Feanwâlden is net unyk. "Eigenlijk speelt deze problematiek in alle dorpen in Fryslân", seit Jaap Koen Bijma, adviseur by Doarpswurk. Hy hat wol in idee wat de oarsaak is dat de taken fan de oerheid faker oerfloeie nei de boargers. "We komen steeds vaker zelf met eigen initiatieven. Maar dan komen we een systeem tegen dat daar niet voor is ingericht. Voor de uitvoering van die ideeën zijn namelijk vrijwilligers nodig om ze uit te voeren. Daarom moeten we dus een systeem vinden om hiermee om te gaan. Veenwouden is daar nu mee bezig. En andere dorpen ook."