Hake wol goede faze trochlûke by Cambuur

08 feb 2018 - 13:54

Trainer René Hake fan SC Cambuur stjoert freed tsjin MVV deselde alve spilers it fjild yn as ferline wike tsjin Go Ahead Eagles. Dat betsjut dat der noch gjin basisplak is foar Daniel Crowley, dy't hierd wurdt fan Willem ll. De oare nije spiler, Kenny Teijsse, makket syn debút yn de wedstriidseleksje.

Jordy van Deelen lei in wike siik op bêd, mar keart werom en sit op de bank: "Ik ben een weekje behoorlijk ziek geweest. Deze week merk je dat je kracht en energie mist. Tegen MVV kan ik maximaal twintig minuutjes invallen." Njonken de al langer blessearre spilers kin Hake ek gjin berop dwaan op Alvin Daniels, dy't woansdei blessearre rekke oan syn ankel.

Mear traine

Foar Hake hat it in goede earste folsleine trainingswike west. "Je ziet een groep met veel energie die veel wil doen en hard wil werken. Het is mooi om daar weer onderdeel van te zijn", fertelt de Drintske trainer, dy't syn ploech boppedat faker traine litten hat dizze wike. Dat is in ferskil mei eardere perioades yn dit seizoen. "Ik denk dat het goed is om veel en verantwoord te trainen. Het is niet erg voor spelers om veel arbeid te leveren, dan word je een betere speler en dat loont in het resultaat."

Goede faze

MVV is freed de tsjinstanner fan de Ljouwerters. Dy ploech hat seis punten minder. Hake: "MVV heeft voorin spelers met specifieke kwaliteiten. Maar Cambuur zit in een goede fase en dat moet je doortrekken, ongeacht de tegenstander."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)