Al 24.000 kaarten ferkocht foar Escher-tentoanstelling

M.C. Escher’s “Dag en Nacht” (1938) © the M.C. Escher Company B.V. All rights reserved. www.mcescher.com.
Der binne oant no ta 24.000 kaarten ferkocht foar de Escher-tentoanstelling yn it Fries Museum yn Ljouwert. De tentoanstelling 'Escher op reis' is fan 28 april ôf te sjen. De foarferkeap begûn twa moanne lyn. Foar de tentoanstelling komme der sa'n tachtich orizjinele printen nei Ljouwert, it berteplak fan Maurits Cornelis Escher. Dy wurde oanfolle mei brieven, tekeningen, foto's en persoanlike foarwerpen.
De tentoanstelling 'Escher op reis' is te sjen oant en mei 28 oktober.